KNKB keatsnijs Jacob Klaver leden 13 oant 28 augustus
Ilse Noorman behelle mei Anna-Lyn Wijbenga Ferwert en Harmke Siegertsma Berltsum op 13 augustus yn Ternaard de 2e priis. Yn in spannende party ferleren hja op 4-5 en 2-6 fan Evelien Westra Bitgummole, Marike Beckers Wytmarsum en Miranda Scheffer Menaem by de earste klasse froulju. Afke Kuipers wûn op 14 augustus mei Nynke Sybrandy en Bianca van der Veen yn Baerd by de haadklasse froulju frije formaasje de twadde priis. Op 5-2 en 6-0 waard ferlern fan Margriet Koelmans, Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra In lyts wike letter behelle Afke mei har frije formaasje partoer yn Froubuorren wer de 2e priis Dit wie in jubileum wedstriid dy’t wûn waard troch Maaike Osinga, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken. De 3e priis wie foar Baukje Aalbers mei far fêste maten Iris van der Veen en Manon Scheepstra. In pear dagen letter wûn Baukje mei it selde partoer de twadde priis by de haadklasse froulju yn Akkrum. Yn de finale waard ferlern fan de selde winners as yn Froubuorren Sanne Velsma, Feikje Bouwhuis en Gérieke de Groot wûnen op 26 augustus yn Bitgum tidens de van Aisma dagen de 1e priis by de haadklasse froulju útnoeging. Mar wer foel Afke Kuipers yn de prizen, hja wûn mei Leonie van der Graaf en Miranda Scheffer de twadde priis. Twa dagen letter wie Baukje Aalbers wer oan bar. Yn Ljouwert waard de 3e priis by de haadklasse froulju frije formaasje wûn. Jennie Terpstra behelle yn KNKB ferbân har 12e en 13e oerwinning. Yn Dongjum die hja dat mei Anneke Smid út Wytmarsum en yn Reahûs mei Ineke fan der Ploeg út Rie. Jennie hat in fantastysk seizoen draait en wie fier wei de bêste yn de KNKB pupilleklasse Amarins slút it KNKB seizoen ek goed ôf, Amarins wûn mei Hester Bruinsma út Wommels yn Dongjum de twadde priis. Ek Amarins hat as earste jiers pupil in hiel goed seizoen draait en waard efter Jennie twadde yn it KNKB klassemint.
Geplaatst op 02 September 2011